FNP: beslút azc Kollum is der al

07 maaie 2002 - 00:00

De FNP fan Kollumerlân tinkt dat de gemeente al in beslút nommen hat oer de nije lokaasje fan it asylsikerssintrum. Riedslid Lautenbach sei dat moandei by in ynformaasjejûn foar de bewenners fan de Willem Loréwei yn Kollum, ien fan de mooglike lokaasjes foar it nije azc.

Neffens boargemaster Bilker is de Hessewei ek noch in opsje. Foar dy bewenners is der tiisdei in ynfojûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)