Flylanners meie thús winkel ha

12 okt 2012 - 15:10

De gemeente Flylân jout bewenners fan de Doarpsstrjitte de gelegenheid in winkeltsje yn har hûs te begjinnen. Der sitte wol betingsten oan. De winkel mei net grutter wêze as 40 prosint fan it wenhûs. Ek moat it gean om in hûs dat permanint bewenne wurdt en it assortimint fan de winkel moat in oanfolling op it besteande oanbod wêze.

Flylanners dy't in winkeltsje yn har hûs begjinne wolle moatte dat foar 1 novimber by de gemeente melde. Flylân honorearret op syn meast trije fan dy meldingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)