Flylanner festival ITGWO sammelet jild yn foar flechtlingen

06 sep 2015 - 11:39
  • It wiete terrein fan Into the Great Wide Open op Flylân

Op it festival Into The Great Wide Open op Flylân wurdt jild ynsammele foar de Stichting Vluchteling. Oanlieding binne de nijsberjochten oer de flechtlingen fan de lêste dagen. Op trije plakken binne kollektebussen delset. Festivalgongers kinne dêr jild yn dwaan, mar se meie ek konsumpsjemunten donearje.

It festival hat wol te lijen fan it minne waar. In pear aktiviteiten binne ferpleatst nei de sporthal. It festivalterrein is fan in laach sân foarsjoen om foar te kommen dat de besikers fuortsakje of útglydzje.

It festival Into The Great Wide Open is tongersdei begûn en snein is de lêste dei. Op 13 ferskillende plakken binne der tal fan optredens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)