Flylanner bern misdrage har

04 apr 2007 - 16:55

Op Flylân binne sneon bern fan in Amsterdamske basisskoalle bekûgele mei dinne-appels en tûken troch 12 bern fan it eilân sels. Ek binne de bern fan de 'Cornelis Vrijschool' in pear kear útskeld troch de Flylanners.

Boargemaster Baukje_Galema hat de bern, har âlden en de plysje útnoege foar in petear. Galema is benaud dat it gastfrije imago fan it eilân skea oprint. Se komt yn aksje nei in brief fan in Amsterdamske learaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)