Flylân yn race om moaiste plak

04 feb 2006 - 09:46

Flylân sil meidwaan oan de ferkiezing 'de mooiste plek van Nederland'. It eilân is troch ferskate foarrondes hinne kaam en makket no mei 23 oare lokaasjes kâns om ta it moaiste plakje fan Nederlân keazen te wurden.

Flylân hat foar de ferkiezing in komitee yn it libben roppen, besteande út ûnder oare in fertsjinwurdiger fan Staatsbosbeheer en de VVV. De earste ferkiezingsronde set takom moandei útein op ynternet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)