Flylân wol jild foar sjitkamp

04 mrt 2003 - 00:00

Flylân moat kompensaasje hawwe fan 'e provinsje as it legersjitkamp op it eilân fuort moat. Dat wolle B en W en de gemeenteried. It stânpunt waard tiisdei ûnder de oandacht brocht fan 'e VVD'ers út de Earste en de Twadde Keamer, it Europeesk Parlemint en Provinsjale Steaten. Dy wiene foar de kampanje op wurkbesite yn Lauwerseach.

VVD-lieder Zalm sei neat ta. Ek sei er neat dwaan te kinnen oan 'e problemem fan 'e garnalefiskers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)