Flylân: tritich sollisitanten

16 okt 2009 - 16:30

Der binne tritich gadingmakkers foar de funksje fan boargemaster fan Flylân. Dêr ûnder binne sân froulike kandidaten. Trettjin sollisitanten binne lid fan de VVD, fiif fan GrienLinks, fjouwer fan 'e PvdA, twa fan in lokale partij, ien fan it CDA, ien fan D66 en ien fan 'e SP.

Under de sollisitanten sitte tolve wethâlders en âld-wethâlders en ien âld-boargemaster. Kommissaris fan de keninginne Jorritsma makket in earste seleksje út de gadingmakkers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)