Flylân sûnder elektrisiteit

25 okt 2014 - 13:01

Hiel Flylân hat sneontemoarn in goed heal oere sûnder stroom sitten. Netbehearder Liander wie dwaande mei ûnderhâld oan de iennichste kabel dy't it Waadeiland stroom leveret en hie dêrom tydlik in tal generatoaren ynskeakele. Dy foelen lykwols út, wêrtroch alle 940 húshâldens 40 minuten lang gjin stroom hienen. Liander ûndersiket hoe't it koe dat de generatoaren útfoelen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)