Flylân sit mei foksen yn mage

13 aug 2009 - 16:15
  • In foks yn it tsjuster op Flylân (foto: Steatsboskbehear)

Flylân sit mei it fokseferhaal yn de mage. De bisten lykje hieltyd tichterby it doarp te kommen. It slagget oant no ta noch net de bisten, dy't nei alle gedachten yllegaal op it toeriste-eilân útset binne, te pakken te krijen.

De bisten sitte foaral yn de Kroon's polder oan de westkant fan it eilân. Mar der binne ek spoaren fûn op trije kilometer ôfstan fan it doarp. Der wurdt no mei 20 jagers op de foksen jage. Hoe, wolle se net sizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)