Flylân krijt nije oerfarder

21 jan 2005 - 16:15

De nije boat fan rederij Doeksen wurdt nije wike doopt op 'e Filippijnen, dêr't it skip boud is. It giet om in katamaran fan 64 meter lang, dy't op Flylân farre sil. It skip hat 900 oerdekte sitplakken, 600 mear as de boat fan no. Fierders binne der 400 sitplakken op it dek.

By it ûntwerp is ekstra omtinken jûn oan feiligens en miljeufreonlikens. It skip fart sels nei Nederlân. It wurdt yn maaie offisjeel yn gebrûk naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)