Flylân hat noch gjin reaksje fan it COA oer opfang gesinnen

24 des 2015 - 15:19
  • Opfang flechtlingen

It COA, it Centraal Orgaan opvang Asielzoekers, hat noch hieltyd net reagearre op it oanbod fan de gemeente Flylân om op it eilân twa asylsikersgesinnen op te fangen. Boargemaster Tineke Schokker sei dat tongersdei yn it radioprogramma EenVandaag.

Flylân bea it COA de opfang fan twa Syryske gesinnen oan en hat dêr ek al ferskate kearen kontakt oer socht mei it COA. Dat hat lykwols oant no ta gjin effekt hân. Neffens Schokker sitte mear lytse gemeenten yn Fryslân te wachtsjen op in reaksje fan it COA. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)