Flylân hat nije boargemaster

17 des 2009 - 21:10
  • Yorick Haan yn syn hjoeddeistich wenplak Schiedam

Wethâlder Yorick Haan fan Schiedam wurdt sa goed as wis de nije boargemaster fan Flylân. De ried fan Flylân hat him unanym foardroegen foar dy funksje.

De 35-jierrige Haan fan Progressief Schiedam is sûnt 2006 wethâlder. Neffens de fertrouwenskommisje is er in bestjoerder mei ûnderfining en diedkrêft. Hy folget Ella Schadd-de Boer op, dy't as waarnimmer fungearre neidat boargemaster Galama nei Stadskanaal gien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)