Flylân en Skier wer hiel fluch

07 mrt 2006 - 22:54

Flylân wie tiisdei de earste Fryske gemeente mei in útslach. De VVD bleau op Flylân de grutste partij mei 239 stimmen. De liberalen ferlearen lykwols frijwat stimmen yn fergeliking mei 2002. Algemien Belang Flylân helle 234 stimmen, de PvdA 184 stimmen. De opkomst wie goed: 75 persint.

Op Skiermûntseach wie de opkomst noch better: 86%. Hjir waard Ons Belang de grutte winner mei 259 stimmen. De list SB waard twadde mei 217 stimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)