Flylân earste mei útslach

02 mrt 2011 - 21:31

De gemeente Flylân wie de earste gemeente dy't de útslach fan de provinsjale steateferkiezings nei bûten bringe koe. De opkomst wie 58,6% en ek op Flylân is de VVD de winner. Sy hawwe 40,9% fan de stimmen krigen, 4,7% mear as yn 2007.

De PvdA krige 23,1% (+4,7%) en it CDA 4,2% (-5,1%). Nijkommer PVV krige 6,9% fan de stimmen en de 50+ krige 3% fan de stimmen. Opfallend wie de ferdûbeling fan D66, sy krigen no 5,5% fan de stimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)