Flylân en Skier by Burgernet

06 apr 2012 - 09:59
  • Burgernet

Flylân en Skiermûntseach binne fan sneon ôf oansletten op Burgernet. Dat is in tillefoanysk netwurk fan ynwenners en bedriuwen. De plysjemeldkeamer kin dat netwurk in melding jaan fan bygelyks in fermist bern of in ynbraak. Minsken dy't by Burgernet oansletten binne kinne dan foar de plysje útsjen nei bygelyks in fertochte.

Mei it meidwaan fan Flylân en Skiermûntseach komt it tal Fryske gemeenten dat oansletten is op Burgernet op 24. Yn de lêste fjouwer jier hawwe der yn Fryslân sa'n tûzen Burgernet-aksjes west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)