Flyers yn België ûnderút

26 nov 2012 - 08:22

De iishockeyers fan De Friesland Flyers ha ek de twadde wedstriid fan it wykein ferlern. Yn België wie Herentals sneintejûn mei 5-2 te sterk. De Flyers hiene it 3-1 ferlies fan sneon yn de swiere topper tsjin Den Haach noch net ferwurke. Tsjin Herentals gong it yn de tredde perioade mis. Dy waard mei 4-1 ferlern. Yn dy perioade krigen beide ploegen ek in protte tiidstraffen. De Flyers bliuwe achter Den Haach en Tilburch tredde yn de stân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)