Flyers wint yn Geleen

20 feb 2011 - 00:10

De iishockeyers fan de A6.NL Flyers ha sneontejûn de útwedstriid tsjin Geleen mei 4-1 wûn (0-2, 1-0 en 0-2). De doelpunten waarden makke troch Marcel Bruinsma, Vassili Titarenko (2) en Bert van den Braak.

Mei noch twa wedstriden te gean ha de Flyers it tredde plak yn sicht. De ploech fan it trainerduo Kroon en Bekkering stiet fjirde, mar konkurrint Nijmegen dat tredde stiet is útspile. De Flyers spylje noch tsjin Eindhoven en Den Haach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)