Flyers wint rom fan Dordrecht

14 feb 2014 - 22:23

De UNIS Flyers ha freedtejûn op it eigen iis mei 9-4 fan de Dordrecht Lions wûn. Sa'n 1000 taskôgers seagen dat Joey Oosterveld foar de thúsploech de skoare iepene. Shawn Collymore makke de 2-0. Nei de 2-1 besliste Tony Demelinne de earste perioade mei 3-1. De twadde perioade waard troch de Flyers mei 2-1 wûn mei goals fan Levi Houkes en Brock Matheson. Yn de tredde perioade soargen Tony Demelinne, Valentijn Bouten (2x) en Kevin Nijland foar de Feanster goals. Sneontejûn spylje de Flyers yn België tsjin Herentals.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)