Flyers wint duel om kopposysje

14 okt 2012 - 15:14

De iishockeyers fan Friesland Flyers ha it rjochtstreekse duel om de kopposysje mei 5-2 wûn fan Eindhoven Kemphanen. Eindhoven kaam betiid yn de wedstriid op foarsprong, mar nei acht minuten sette Kevin Bruijsten de Flyers op likense hichte. Nei in goed healoere tekene Tony Demelinne foar de 2-1.

Oan it begjin fan de tredde helte makke Eindhoven de lykmakker. In wichtige rol wie der opnij foar Bruijsten, dy't mei syn sânde treffer fan it seizoen de Feansters opnij op foarsprong sette. Jerry Pollastrone tekene mei 2 treffers foar de einstân.

Troch de oerwinning giet de ploech fan coach Chris Eimers oan kop mei 10 punten út fjouwer wedstriden. Eindhoven sakket nei it tredde plak. Freed 19 oktober stiet de revânswedstriid yn Thialf op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)