Flyers winne yn Eindhoven

14 feb 2009 - 23:43

De Hajé Flyers ha sneontejûn de foarlêste kompetysjewedstriid yn en tsjin Eindhoven mei 3-2 wûn. De earste perioade waard troch de Flyers mei 2-1 wûn troch goals fan Paul Vincent en Bert van den Braak. Nei de 0-0 yn de twadde perioade, kaam Eindhoven yn de tredde perioade op 2-2. Michael Nason soarge dêrnei foar de Feanster winst.

De Flyers bin no klommen nei it fjirde plak. It tredde plak is noch mooglik, dan moat der sneintejûn op it eigen iis wûn wurde fan de nûmer trije Geleen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)