Flyers winne út fan Nijmegen

08 mrt 2003 - 00:00

De Formido Flyers diene freedtejûn goeie saken yn Nijmegen. Se wûnen mei penaltyshots. Nei de reguliere spyltiid wie it 3-3. It wie in tige spannende striid. De Flyers waarden oanmoedige troch meireizge fans út Fryslân.

It wie úteinlik Jedd Crumb, dy't de wedstriid besliste mei syn penaltyshot. De Flyers binne no noch hieltiten yn 'e race foar in finaleplak. Oankommende tiisdei spylje de Flyers op 'e nij tsjin Nijmegen, mar dan thús.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)