Flyers winne mei dûbele sifers

05 des 2004 - 16:07

De Vadeko Flyers ha sneon maklik ôrekkene mei Phantoms Deurne. De Feanster iishockeyers wûnen mei 11-1, perioadestannen 3-0, 5-1 en 3-0. Grutte man wie Oleg Timchenko, dy't fjouwer kear skoarde.

De Flyers geane no oan de lieding yn de Coupe der Lage Landen. Woansdei is der in wichtige wedstriid, dan spylje de Flyers tsjin de Amsterdam Bulldogs. De wedstriid giet om winst yn de Coupe en telt ek mei foar de Nederlânske beker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)