Flyers winne fan Nijmegen

12 jan 2003 - 00:00

De Formido Flyers fan It Hearrenfean wûnen sneon yn de wedstriden om it lânskampioenskip mei 4-3 fan Nijmegen. Dêrmei steane de Flyers no twadde yn de kompetysje.

Nijmegen stie nei de earste perioade mei 2-1 foar, mar yn de twadde perioade skoarden de Flyers trije kear. Jacco Borger skoarde de gelykmakker. De oare doelpunten wiene fan Kevin Pucovsky (twa kear) en Jedd Crumb. Yn de tredde perioade kaam Nijmegen werom oant 4-3.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)