Flyers winne fan kampioen HYS

13 nov 2009 - 23:50
  • De Flyers sette goed útein (argyffoto: Martin de Jong)

De Hajé Flyers binne freedtejûn de kompetysje mei in ferrassende oerwinning begûn. Yn Den Haach waard regearend lânskampioen HYS mei 5-2 ferslein, wylst de Flyers yn de bekerkompetysje noch twa kear dik ferlern hiene. Yn de earste perioade naam de thúsploech in 2-0 foarsprong.

Yn de twadde perioade waard it troch Bert van den Braak en John Gordon 2-2. Yn de lêste perioade wiene Hans Kroon, Jamie Visser en Erik Landman de skutters foar de Flyers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)