Flyers winne fan Herentals

27 jan 2011 - 13:18

De iishockeyers fan de A6.NL Flyers hawwe mei 3-2 wûn fan it Belgyske Herentals. It is de fiifde oerwinning op rige foar de Feansters.

Yn de earste perioade kamen de Flyers op 2-0 troch goals fan Michael Nason en Jeroen van Olphen. Yn de twadde perioade kamen de Belgen werom oant 2-1 troch Tim Vos. Jamie Visser makke der yn it tredde bedriuw 3-1 fan. Vincent Morgan makke noch wol 3-2, mar dêr bleau it by. De Flyers steane no op it tredde plak op de ranglist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)