Flyers winne fan Eindhoven

08 okt 2011 - 10:50

De iishockeyers fan de Friesland Flyers hawwe freed thús wûn tsjin de Eindhoven Kemphanen. Yn de earste perioade kamen beide teams net ta skoaren, mar yn de twadde periode kaam Eindhoven in punt foar de stean. Yn de lêste minút koe Flyers weer gelyk meitsje.

Yn de lêste perioade wisten de Flyers noch twa punten te meitsjen. Sneintejûn moatte de iishockeyers nei België foar in wedstryd tsjin de Leuven Chiefs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)