Flyers winne fan Bulldogs

19 feb 2004 - 00:00

De Formido Flyers ha woansdei mei 6-3 in wichtige oerwinning helle op Bulldogs Amsterdam. Mei de oerwinning hâlde se de kâns fan it thúsfoardiel yn de heale finale fan de kompetysje. It iishockeyteam fan It Hearrenfean skoarde al nei 34 tellen.

Se rûnen dêrnei út nei 3-0, foar't de Amsterdammers wat werom dwaan koene. Yn de twadde perioade kamen de Bulldogs werom nei 3-2. Dêrnei koe Oleg Timtsjenko 4-2 meitsje foar de Flyers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)