Flyers winne bekerwedstriid

03 nov 2007 - 14:40

De iishockeyers fan de Vadeko Flyers hiene freedtejûn in makje yn 'e bekerwedstriid tsjin Grins. De Friezen wûnen mei 6-0. De einstân stie nei twa perioades al op it boerd. Alexander Ivanov en Michal Nason skeaten de puck der ien kear yn. Mc Carthy en Alexander Pachenko seagen elk twa kear harren skot op goal fersulvere. Sy allegearre mei-inoar soargen foar de 6-0 einstân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)