Flyers útskeakele foar titel

18 mrt 2002 - 00:00

De Flyers hawwe de finale fan 'e playoffs ferlern. Yn 'e Best of Five koene se snein de tredde match op rige net winne. It waard 1-3 tsjin de Boretti Tigers út Amsterdam. Dêrmei einige de Flyers automatysk op it twadde plak yn 'e kompetysje.

De Feanster iishockyers meie dan gjin Nederlânske titel mei nei hûs nimme, earder wûnen se al de Beker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)