Flyers ûnderút tsjin Den Haag

14 des 2013 - 13:31

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe freed mei 6-3 ferlern yn en fan Den Haag. De Flyers begongen goed en kamen al nei 1.45 minút op foarsprong troch in treffer fan Jade Galbraith. De iepeningstreffer skodde Den Haag wekker en dêrnei waarden de rollen omdraaid. Nei de earste perioade stie in stân fan 3-1 op it boerd foar de thúsploech.

Yn de twadde perioade kaam de ploech fan Chris Eimers op 3-2 troch in doelpunt fan Nick de Jong. Yn 'e lêste perioade hie Den Haag it fizier op skerp en rûn maklik út nei in riante oerwinning.

Sneontejûn spylje de Flyers de thúswedstriid tsjin Dordrecht Lions om acht oere yn Thialf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)