Flyers teloarsteld yn iishockeyklup Geleen

18 nov 2014 - 10:58
  • IIshockey

Foarsitter Henk Hoekstra fan UNIS Flyers is bot teloarsteld yn iishockeyklup Eaters Geleen. De Limboarchske ploech hat wite litten op de râne fan fallisemint te stean. Hoekstra fynt it nuver dat er dat yn in parseberjocht lêze moat. Takom wykein spylje de Flyers tsjin Geleen. It trochgean fan dy wedstriid is no ûnwis. As Geleen fallyt giet, bliuwe der noch mar fjouwer ploegen oer yn de iishockeykompetysje.

Neffens Hoekstra stiet dêrmei de takomst fan it iishockey yn Nederlân faai. De Flyers wolle takom seizoen útwike nei de Dútske Oberliga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)