Flyers stunt net tsjin Tilburg

16 jan 2013 - 22:48

De Friesland Flyers koe yn de thúswedstriid tsjin Destil Trappers Tilburg net foar in stunt soargje. Tilburg wûn mei 3-1. Yn de earste perioade waard net skoard. Timothy Coffman sette de Brabanners dêrnei op in 2-0 foarsprong. Tony Demelinne liet de measte fan de 750 taskôgers jûchheie mei de Flyer goal. Peter van Biezen soarge daliks by it begjin fan de lêste perioade foar de einstân. Tilburg is wer dield koprinner mei Den Haach, de Flyers bliuwe in sterke tredde yn de earedivyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)