Flyers stjoere Postma fuort

21 des 2010 - 13:56

IIshockeyklup A6.NL Flyers fan It Hearrenfean hat twa spilers fuortstjoerd. Marco Postma, dy't dit jier werom kaam nei de Flyers, hat de wacht oansein krigen. Neffens foarsitter Micola omdat hy net goed yn de groep falt. De Ljouwerter Postma hat swier teloarsteld reagearre

Ek de Slowaakse ferdigener Martin Zajac is út de seleksje set. Hy kaam yn oktober nei de Flyers. De maatregel is naam fanwege de minne prestaasjes fan de Flyers dit seizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)