Flyers sa goed as wis fierder

08 sep 2008 - 23:06

De takomst fan iishockeyclub Flyers leit foar in part yn hannen fan de Nederlânske spilers. De ploech fan It Hearrenfean liket sa goed as wis troch te gean yn de earedivyzje, mar wol mei in legere begrutting. De Flyers hawwe yntusken in begrutting rûn fan 180.000 euro en dêr moat noch 30.000 euro by.

Mei dat jild kinne de Flyers mei in goed team yn de earedivyzje spylje. Dan moatte 5 Nederlânske spilers wol mei minder jild akkoart gean as ferline jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)