Flyers nei de play offs

24 feb 2007 - 22:05

De iishockeyers fan de Vadeko Flyers hawwe har sneontejûn pleatst foar de play offs. De Feansters wûnen de foarlêste kompetysje wedstriid yn en tsjin Amsterdam mei 7-5. Troch dat risseltaat kin it feilige fjirde plak de Flyers net mear ûntgean.

It seach der lang nei út dat de Flyers de play offs misrinne soenen, mar in goed slot fan de kompetysje hat no dochs noch in ferfolch fan it seizoen opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)