Flyers nei de finale

05 mrt 2007 - 01:56
  • Don Nichols skeat de Flyers nei de finale (foto Martin de Jong)

De iishockeyers fan 'e Vadeko Flyers sitte yn de finale fan it lânskampioenskip. Yn Geleen wûnen de Feansters mei 5-4 fan de Eaters. Dêrtroch hawwe de Flyers de 'best of five' wedstryd mei 3-0 wûn. Geleen einige yn 'e kompetysje noch as earste.

Don Nichols waard de grutte man troch nei njoggen tellen yn 'e ferlinging de winnende goal te meitsjen. Tsjinstanner yn de finale is Amsterdam of Tilburch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)