Flyers nei bekerfinale

28 nov 2007 - 01:34
  • Grutte bliidskip by de Flyers

Iishockeyklub Vadeko Flyers hat de finale helle fan it bekertoernoai. Yn it thriller waard yn Zoetermeer Den Haach yn de ferlining ferslein mei 4-3. Matt McCarthy makke de winnende nei in dikke minút spyljen.

Flyers sette yn de twadde perioade in 2-1 efterstân yn in minút om yn in 2-3 foarsprong. Dochs waard it noch 3-3. Den Haach krige twa dikke kânsen, mar Hearrenfean skoarde. Tilburch is no op 16 jannewaris de finale-tsjinstanner .

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)