Flyers mooglik Cambuur Flyers

04 sep 2008 - 12:26

IIshockeyclub Flyers giet mooglik fierder ûnder de namme Cambuur Flyers. De ploech fan It Hearrenfean ûndersiket mei de fuotbalclub oft it helber is ûnder de flagge fan de fuotbalclub te spyljen.

De Flyers hawwe noch altyd gjin opfolger foar Vadeko as haadsponser. Dêrtroch is der folle minder jild. Mooglik moat de ploech ôfskied nimme fan guon spilers. Mei de sponsors fan Cambuur soe de iishockeyclub de begrutting wer slutend krije kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)