Flyers mei 13-3 fan iis fage

26 feb 2012 - 14:39

De iishockeyers fan Friesland Flyers waarden sneontejûn mei 13-3 yn Den Haach fan it iis fage troch tsjinstanner HYS Den Haag. Al nei sân minuten stie de 2-0 op it boerd. Flyerskeeper Martijn Oosterwijk moast doe mei in blessuere nei de kant. Ynfalkeeper Sjoerd Idzenga hie de swiere taak om de skea te beheinen.

It jonge team wie lang net opwoeksen tsjin de thúsploech. De Feanster goals kamen op namme fan Jamie Visser, Brent Janssen en Andrey Levitin. Foar de Flyers sit it seizoen der no op. Se wienen al útskeakele foar de play-offs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)