Flyers-Leuven: 6-1

15 jan 2012 - 15:47

De iishockeyers fan Friesland Flyers hawwe sneontejûn mei 6-1 wûn fan de nûmer lêst Leuven Chiefs. Dochs wie it de thúsploech út Leuven dy't it sterkst begûn en al nei achttjin tellen op foarsprong kaam. In goal fan Aaron Wilson sette de Flyers wer op gelikense hichte. Nei de 2-1 fan Bert van den Braak wisten de Flyers de wedstriid nei har ta te lûken. Doelpunten fan Andrey Levitin, Jason Visser en Michael Nason soargen úteinlik foar in oertsjûgjende oerwinning.

Mei 12 punten út 10 wedstriden steane de Flyers no op in sechde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)