Flyers hast yn heale finale

07 nov 2007 - 23:08

IIshockeyklub Vadeko Flyers is in grutte stap tichter by it heljen fan de heale finale fan it bekertoernoai. Woansdei wûnen de Feansters mei 4-2 fan Ruijters Geleen. De perioadestannen wiene 2-0, 2-1 en 0-1. Matthew McCarthy skoarde twa kear.

Troch de oerwinning steane de Flyers no tredde mei 20 punten út 10 wedstriden. It ferskil mei Geleen is 6 punten. Der binne noch twa wedstriden te gean, ûnder oare tsjin Geleen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)