De Friesland Flyers ferkeapet op koarte termyn fiif bûtenlânske spilers. Neffens it nije bestjoer fan de Hearrenfeanske iishockeyklup is dat nedich om in sûne finansjele basis te krijen. De klup hopet dat oare klups ynteresse ha yn de spilers, oars wurde se moandei al ûntslein. De spilers kostje de klup in soad jild om't de Flyers ek de kosten foar húsfesting en libbensûnderhâld betellet. Neffens it bestjoer hat de minne finansjele sitewaasje te krijen mei min beteljende sponsors, wylst de wedstriden minder besikers lûke.
It giet om de spilers Jason en Jamie Visser, Joey Sides, Marcus Pride en Yan Turcotte.
|
Rianne Hofman (17) fermist
22 feb 2012 - 19:33 |
|
Nijbou Thialf net by Sportstêd
22 feb 2012 - 18:30 |
|
Kooistra jout FNV-leden dien
22 feb 2012 - 15:05 |
|
Ofskiedtsjinst Gerrit Ybema
22 feb 2012 - 15:40 |
|
Besunigings by SC Hearrenfean
22 feb 2012 - 12:32 |