Flyers gjin Cambuur-Flyers

09 sep 2008 - 08:57
  • Flyers wurde Hearrenfean-Flyers

Iishockeyklub Flyers giet net troch ûnder de namme Cambuur_Flyers. Fanút It Hearrenfean is der tefolle tsjinstân op it plan, neffens foarsitter Danny_Micola. Benammen de gemeente Hearrenfean en de supporters fan de klub wiene der fûl op tsjin.

Boppedat wiene ek de útbaters fan it Thialf-stadion net sa bliid mei it plan. Sa't it no liket geane de Flyers fierder ûnder de namme Hearrenfean-Flyers. Dat is ek de namme fan de amateurtak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)