Flyers ferpletteret Dordrecht

15 des 2013 - 13:58

De iishockeyers fan UNIS Flyers fagen sneontejûn de flier oan mei tsjinstanner Dordrecht. Op eigen iis waard mei 10-0 wûn. Jade Galbraith en Levi Houkes mochten beide trije treffers op harren namme skriuwe. Kevin Bruijsten, Shawn Collymore en Brent Janssen mochten ek skoare.

De ploech fan coach Chris Eimers ferdielde de tsien treffers kreas oer de trije perioades. Oan 'e ein fan de earste perioade stie der in 3-0 tuskenstân op it boerd. Yn de twadde perioade waard dat ferdûbele, om it yn de tredde perioade mei 4 treffers ôf te meitsjen.

De UNIS Flyers komme nije wike twa kear yn aksje. Woansdei komt Den Haach op besite yn Thialf. Freed stiet de thúswedstriid tsjin Tilburch op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)