Flyers ferlieze yn ekstra tiid

23 des 2009 - 23:27

De Hajé Flyers ha de útwedstriid tsjin de Eindhoven Kemphanen yn de ferlinging mei 7-6 ferlern. De earste perioade waard troch de thúsploech mei 4-2 ôfsletten. De twadde perioade wie mei 3-2 foar de Feanster iishockeyers. Nei de lêste perioade wie de stân yn it lykwicht (6-6) troch de iennichste goal fan Flyer Dennis Schreur.

Yn de ekstra tiid makke Eindhoven daliks yn de begjin it winnende doelpunt. De Flyers bliuwe twadde mei 25 punten út 12 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)