Flyers ferlieze yn Den Haach

08 jan 2010 - 23:55
  • De Hajé Flyers

De Hajé Flyers ha freedtejûn de útwedstriid tsjin HYS Den Haach mei 2-0 ferlern. De Feanster iishockeyers waarden yn de earste en yn de twadde perioade beide kearen mei 1-0 ferslein. Yn de tredde perioade bleau it 0-0.

Ofrûne snein hiene de Flyers op it eigen iis noch mei 5-3 wûn fan Den Haach. De Hajé Flyers bliuwe twadde yn de tuskenstân mei 28 punten út 14 wedstriden. Koprinner bliuwt Nijmegen mei 33 punten út 12 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)