Flyers ferlieze fan Trappers

09 jan 2005 - 14:18

De iishockeyers fan de Vadeko Flyers fan It Hearrenfean ha har earste wedstriid yn it nije jier ferlern. It waard 6-3 yn Tilburch tsjin de Diamant Trappers.

Yn de striid om de Coupe der Lage Landen steane de Feansters no op it twadde plak, ien punt achter Amsterdam. Nije wike sette de heale finales fan de bekerkompetysje út ein. De Flyers spylje dan tsjin de Emperors út Nijmegen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)