Flyers ferlieze fan Grins

01 feb 2009 - 12:33

De iishockeyderby tusken de Flyers en de Grizzlies út Grins is foar de tredde kear op rige dit seizoen wûn troch Grins. De manlju fan coach Chris Eimers ferlearen sneontejûn yn Thialf mei 2-1. Al nei sân minuten stie it 1-0 troch in Flyersgoal fan TJ Kelley.

Yn de twadde perioade kamen de Grinzers lyk en Grizzly Noel Coultice skoarde de winnende yn de tredde perioade. De Feansters stean op it ien nei lêste plak mei twa wedstriden minder spile as de teams boppe harren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)