Flyers ferlieze fan Amsterdam

20 jan 2003 - 00:00

De Formido Flyers koene it snein krekt net oprêde tsjin de Boretti Tigers út Amsterdam. Yn in spannende wedstriid waard mei 2-3 ferlern.

De Formido Flyers kamen yn de tredde perioade noch op foarsprong, mar doe't Amsterdam binnen oardel minút gelyk makke, wie it stribjen om der yn alle gefallen in ferlinging út te slepen. Dat slagge net, want krekt foar de ein pakte Amsterdam de winst. De perioadestannen wiene 0-1, 1-0 en 1-2.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)