Flyers ferlieze 1ste wedstriid

11 okt 2014 - 07:30
  • De UNIS Flyers

De UNIS Flyers fan It Hearrenfean hawwe de earste bekerwedstriid fan it seizoen mei 5-2 ferlern fan Herentals yn België. De Flyers kamen oan it begjin fan de wedstriid noch op foarsprong troch in goal fan Brent Janssen, mar dêrnei skoarde Herentals twa kear.

Yn de twadde perioade rûn de Belgyske klup fierder út nei 4-1. Josh Prudden makke noch wol de 4-2, mar nei de fyfde goal fan Herentals stie oan de ein fan de twadde perioade de einstân al op it boerd. Sneon spylje de Flyers harren twadde wedstriid, thús tsjin LACO Eaters út Limburch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)